Kultuerfolk

lit ús rinne
mei de holle
yn dreamefangers
folgje ús útsinnige fuotten
kadâns fan heupen
lûk de karre
nim dyn welpen
ûnder de earmen
hingje lampkes oan earen
lit tatûaazjes spinne
befeiligers sjonge
smyt boeien fan sâlt
yn ‘e see fan ‘e taal
plôkje in ripe frucht
wiet fan langst
stowe hynders
troch jim bynt
as fjurrich
weagjende
Sjineeske
draken

Meer verhalen